In logigram, of logikwis, is in soart puzel, wêryn't men in tal "attributen" tawize moat oan in tal "aktoaren", troch de ynformaasje út de opjûne oanwizings logysk te kombinearjen. It is in populêr type puzels wêrfoar't útjouwers lykas Denksport, spesjale tydskriften meitsje. As helpmiddel wurdt dêrby in roaster ôfdrukt mei alle mooglike kombinaasjes; de spiler kin dêryn de krekte kombinaasjes ynfolje, bygelyks mei in , en de ûnmooglike kombinaasjes mei in . Dit soarte puzels kinne oplost wurde troch logysk kombinearjen en útsluten fan de ynformaasje mei oanwizings. De ynformaasje moat genôch wêze om te puzel oplosse te kinnen. De swierrichheid hinget ôf fan it tal oanwizings dat jûn wurdt en de relaasjes tusken de oanwizings om de puzzel op te lossen.
Developed by StudentB